Brân yn dakleazeopfang De Terp

12 jul 2012 - 10:37

By in brân yn dakleazeopfang De Terp yn Ljouwert is woansdeitenacht in 43-jierrige man út Ljouwert ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak wie yn ien fan de romten fan it gebou oan de Gouden Regenstraat brân ûntstien.

De man rûn brânwûnen oan syn gesicht en hannen op, ek hie er in soad reek binnen krigen. De man is mei de sikeauto nei it UMCG yn Grins brocht.

Trefwurden: 
dakleazeopfang De Terp
(advertinsje)