Jonge trainees nei provinsje

12 jul 2012 - 10:14

Njoggen jonge minsken sille as trainee by de provinsje Fryslân oan it wurk. 500 krekt-ôfstudearren hawwe har oanmeld foar in plak as amtner-yn-oplieding. De talinten dêr't de provinsje no mei yn see giet, komme út Fryslân, Grinslân en Drinte. It binne seis froulju en trije manlju fan tusken de 23 en 29 jier.

It amtnersbestân fan de provinsje is slim fergrize: in tredde fan de meiwurkers is boppe de 55 en ferlit de organisaasje binnen tsien jier. Troch trainees oan te lûken wol de provinsje ferjongje.

Trefwurden: 
provinsje trainee
(advertinsje)