Huzeprizen sakje mei 10 %

12 jul 2012 - 10:02
  • Albrecht Kok fan NVM Fryslân

Yn in jier tiid binne de huzeprizen yn Fryslân mei sa'n 10 % sakke. Yn it twadde fearnsjier fan 2012 brochten wenten 9,4 % minder op as deselde perioade ferline jier. Yn fergelyk mei de earste perioade fan 2012 binne der sawat 15 % mear wenningen ferkocht, mar neffens ferline jier is it noch altiten 10 % minder.

Neffens makeldersorganisaasje NVM komt der beweging yn de merk omdat minsken har hûs mei in skerpere priis te keap sette, mar giet it noch net om in struktureel herstel. De gemiddelde ferkeappriis is op dit stuit 176.200 euro.

Yn it twadde fearnsjier fan 2012 waarden der yn Fryslân mei-inoar 717 huzen ferkocht. As it om de huzeprizen giet binne der sterke regionale ferskillen yn Fryslân. Opsterlân en Noardwest-Fryslân diene it de ôfrûne moannen wat better, mar yn it suden fan Fryslân sakken de prizen wat mear as gemiddeld. In hûs yn Fryslân stiet hjoeddedei yn trochsneed sa'n 190 dagen te keap, en dat is hast in moanne langer as it Nederlânske gemiddelde.

(advertinsje)