Seewarring Noarderleech bliuwt

12 jul 2012 - 09:29
  • Buertbewenner Alco de Jong

De âlde seewarring op it Noarderleech bliuwt bestean. Omdat it fee op de kwelder ferwûne reitsje kin troch skerpe útsteksels en stikeltried, wie natoerorganisaasje It Fryske Gea begûn de rige peallen te ferwiderjen.

It Gea jout ta dat it net foldwaande trochdrongen west hat fan de kultuerhistoaryske wearde fan de seewarring. Der komme no trochgongen fan sa'n 20 oant 30 meter en skerpe punten wurde fuorthelle.

(advertinsje)