Museum moat mear fertsjinje

11 jul 2012 - 22:11

Museum it Hannemahûs yn Harns moat soargje dat der mear jild fertsjinne wurdt. Dat docht bliken út it rapport fan de rekkenkeamer. It museum is finansjeel te ôfhinklik fan de gemeente en dat is yn dizze tiden fan besparring in grut risiko.

Der lizze mooglikheden yn ferkeap fan guod yn de museumwinkel, mear hoareka en eksposysjes dy't mear minsken lûke. De kosten nei ûnderen bringe is gjin opsje, want it grutste part sit yn de eksploitaasje fan de gebouwen. Fierder fynt de rekkenkeamer dat de organisaasje dúdliker moat.

Konservator Hugo ter Avest kin him fine yn de konklúzje fan it rapport en is al dwaande om saken oan te passen. Sa sil ynkoarten de wethâlder net lid mear wêze fan de bestjoerskommisje fan it museum.

(advertinsje)