Fluch ynternet troch rioel

Yn Lúkswâld begjint ynkoarten in Fryske proef mei glêsfezel troch it rioel. De feriening Fryslân Ring lit dan syn nije kantoar oanslute op it flugge ynternet op It Hearrenfean. It giet meielkoar om in pear kilometer kabel dy't dan troch de besteande rioelbuizen lein wurdt.
In gewoane oansluting soe dêr djoer wurde. Foar Noard-Nederlân giet it om in hiele nije wize fan oansluten. As de kabels troch it rioel lein wurde, kin in soad jild besparre wurde, omdat der dan gjin graafwurk nedich is.
De feriening Fryslân Ring hat sels as doel om bedriuwen en ynstellings oan te sluten op fluch ynternet en ferwachtet in soad fan de nije technyk.