'Spoarjild nei rûnwei'

Súdwest-Fryslân claimt 7 miljoen euro fan it provinsjale jild dat oerbliuwt omdat de spoarline fan Hearrenfean oer Drachten nei Grins net trochgiet. Fryslân en Grinslân hiene dêr 600 miljoen foar reservearre. In part fan dy sinten is neffens boargemaster Apotheker hurd nedich om rûnwegen oan te lizzen by Himmelum en Warns.
Dy doarpen hawwe simmerdeis bot te lijen fan alle fakânsjegongers dy't der trochhinne moatte. Neffens Apotheker is toerisme fan grut belang foar it suden fan Fryslân. De provinsje moat der dêrom jild ynstekke.