Promoasje fytsen moat better

De promoasje fan it rekreatyf fytsen yn Noard- en Súdeast Fryslân moat better. Fryslân wurdt tefolle as wetterprovinsje yn de merk set. Dat docht bliken út in ûndersyk dat de ANWB en Veilig Verkeer Nederland yn de Wâlden hâlden hawwe.
In fytspaad by Driezum skoarde it bêste by de 3000 frijwilligers út it hiele lân dy't de fiif rûtes fytsten. Knipepunten binne gebrekkige rûtebuordsjes en fytspaden by autodiken en op yndustryterreinen. De wethâlders fan de gemeenten yn de Wâlden nimme de oanbefellings oer.