Skeel mei Grinzers oer Mollema

11 jul 2012 - 17:32

Is Bauke Mollema no in echte Fries of dochs in Grinslanner? De ferslachjouwers fan Tour du Nord fan RTV Noord hawwe dêr yn Frankryk - mei wurden - striid oer levere mei ús eigen Roelof de Vries.

Bauke groeide op yn Súdhorn en learde dêr ek fytsen en hurdfytsen. Mar syn âlden binne sa Frysk as it mar kin en koartlyn hat Mollema him wer nei wenjen set yn it heitelân. Lykwols bliuwt Mollema neffens ús Grinslanner kollega's fan RTV Noord in echte Grinslanner, yn alle gefallen as er wint.

(advertinsje)