Streek troch spoar Drachten

Der kin definityf in streek troch de plannen foar de spoarline tusken It Hearrenfean, Drachten en Grins. De steaten kinne har fine yn it foarnimmen fan deputearre steaten om ôf te sjen fan nije ûndersiken nei de helberens. It projekt wurdt folle djoerder as de hast 600 miljoen euro dy't Fryslân en Grinslân der yn stekke woene.
It jild sil no stutsen wurde yn projekten yn ûnder oare Smellingerlân. It CDA wol it jild ek brûke om de busferbining oer de Ofslútdyk te ferbetterjen.