Plannen mei Lemster monuminten

11 jul 2012 - 16:33
  • Beharkje ús reportaazje

Op De Lemmer witte se wol ried mei de pot fan 2,5 miljoen euro dy't de provinsje no hat foar it restaurearjen fan monuminten. Yn dy pot sit ien miljoen foar it finen fan in nije bestimming foar karakteristike gebouwen. It giet om leechsteande gebouwen dy't oars fertuteazje. In foarbyld fan sa'n gebou op De Lemmer is de âld mêstmakkery.

De provinsje presintearre de nije regeling woansdei yn apparteminte-kompleks Hartelust yn Ljouwert, in âldizer-pakhûs, dêr't no minsken yn wenje.

Is neffens saakkundigen mar de fraach oft ien miljoen euro wol genôch is foar al dy leechsteande monuminten yn Fryslân. Op De Lemmer wolle se fan de mêstmakkerij in hotel meitsje. Yn it hotel mei 13 keamers sil safolle mooglik guod fan de mêstmakkerij bewarre bliuwe. Der bin mear fan sokke karakteristike gebouwen op de Lemmer, lykas it pakhûs fan Gaastra.

(advertinsje)