Nij fytspaad lâns De Lende wurdt der allinnich mar minder op

Foar de simmer moat dúdlik wurde wat de oarsaak is fan de skuorren yn it nije fytspaad by de rivier De Lende del. Dat seit wethâlder Jack Jongebloed fan de gemeente Weststellingwerf op fragen fan D66.
Net it fytspaad út it ferhaal © Shutterstock.com
It fytspaad soe earst makke wurde fan beton, mar dat foldie net oan de easken fan Wetterskip Fryslân. Doe is keazen foar in fytspaad fan asfalt op in lichte betonfundearring. Dêr kamen lykwols al gau skuorren yn.

Benammen by winningsplak

Ronald Westenberg fan D66 konstatearre dat de skuorren benammen foarkomme ta hichte fan de gaswinning yn Blesdike en dat de situaasje allinnich mar minder wurdt. Westenberg hie der yn novimber ek al fragen oer steld. Doe sei de wethâlder dat er yn petear wie mei de oannimmer.
No hat Jongebloed tasein dat de oannimmer mei in yngenieursburo foar de simmer mei in rapport komt oer de oarsaak. Dat kin neffens him lizze yn it ûntwerp of yn de útfiering. "Dan wordt ook duidelijk hoe het hersteld wordt."
D66 woe ek witte wat der bart mei skeve en fersakke stoepen troch de oanlis fan glêsfezelkabels. Ek dat wurdt ôfstimd mei de oannimmer, seit Jongebloed. "Plekken die niet voldoen aan de kwaliteit die we verlangen worden bij de oplevering door de aannemer hersteld."