Follybalsters út de klean

11 jul 2012 - 16:03
  • Beharkje ús reportaazje

De leden fan follybalklup Leevoc út Ljouwert geane út de klean om mear leden te krijen. De froulju posearren woansdei foar in spesjale kalinder. Se hoopje sa de sport wer wat út it ferdomhoekje te heljen. Dêrneist giet it jild dat mei de kalinder ophelle wurdt nei in goed doel.

De kalinder wurdt op 13 septimber presintearre en is al te bestellen op de website fan de klup.

(advertinsje)