IND wol Feanster heit útsette

In húshâlding fan It Hearrenfean driget útinoar skuord te wurden omdat de IND de heit útsette wol nei Kameroen. As dat bart wurde neffens de advokaat de bern út hûs pleatst, omdat de mem net foar harren soargje kin. Claude Bruno Tchakoua kaam yn 2001 nei Nederlân om in better libben op te bouwen.
Doe't hy yn de asylproseduere siet waard hy fereale op in frou fan It Hearrenfean. Sy waard swier en krige dêrnei noch twa bern. De Integraasje en Naturalisaasje Tsjinst IND seit dat it feilich is yn Kameroen en Tchakoua werom kin.
De advokaat pleitet dat de man yn Nederlân bliuwe moat omdat it needsaaklik is foar syn trije bern. Oer seis wike docht de rjochtbank yn Assen útspraak yn de saak. Jeugdsoarch hat kontakt mei de húshâlding en jout ta dat it problematysk is as de mem allinnich mei de bern achterbliuwt.