Frou ferwûne troch eksploazje
Yn Aldeboarn is woansdeitemiddei in frou ferwûne rekke by in ekploazje op in plezierjacht. Neffens in wurdfierder fan de plysje it net dúdlik wat de oarsaak fan de eksploazje wie.
De skea oan it jacht is grut. De frou is mei nekklachten en glêswûnen nei it sikehûs brocht.