Skerp flaggeprotokol Ljouwert

11 jul 2012 - 15:24

It flaggeprotokol yn de gemeente Ljouwert wurdt oanskerpe. Om foar te kommen dat in flage op Aldehou of stedskantoar te gewoan wurdt, sil de gemeente minder faak tastimming jaan foar it útstekken fan in flagge op byldbepalende gebouwen. No bart dat noch geregeld by bygelyks buertfeesten of kollektes.

Der binne yn Ljouwert gjin plannen om de Nederlânske flagge te ferfangen troch de Europeeske, lykas Amsterdam dat wol docht.

(advertinsje)