Fryske lân ferbine mei Waadsee

11 jul 2012 - 15:16

It Fryske fêstelân moat wer ferbûn wurde mei de Waadsee. No sit der in grutte keale deltadyk tusken, dy't mar kwalik tagonklik is en dat moat oars. Dat is it boadskip fan Atelier Fryslân yn har advys 'De Waddenkust ontwaakt'.

It advys is skreaun yn opdracht fan it Regie College voor het Waddengebied fan oerheden dy't mei it Waad te krijen ha. It is woansdei offisjeel oanbean by it Noarderleech. Neffens it advys soe oeral oan de kust in brede strook kwelder lizze moatte dêr't ek minsken komme kinne foar rekreaasje.

Ek moat it Waadgebiet better profilearre wurde as in gebiet mei moaie streekprodukten, dêr't je goed ite en drinke kinne. Ek de ferbining oer it wetter moat better. In doarp as Holwert soe yn 'e takomst wer oan see lizze moatte.

(advertinsje)