Boufakker ferwûne nei fal

11 jul 2012 - 14:48

In boufakker (56) út Ljouwert is woansdei ferwûne rekke nei in fal fan sa'n 4 meter hichte yn Kollum. De man wie dwaande mei it ôfbrekken fan in steiger op in nijboulokaasje oan de Mr. Andreaepassaazje, doe't de stellaazje omfoel.

Kollega's fan de man hawwe fuortendaliks de helptsjinsten ynskeakele. De man waard mei klachten oan skonk en rêch oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert. De arbeidsynspeksje sil it bedriuwsûngelok ûndersykje.

(advertinsje)