Assaidi net mei nei Skylge

11 jul 2012 - 14:29

Sportklup Hearrenfean is woansdei sûnder Luciano Narsingh en Oussama Assaidi ôfreizge nei it trainingskamp op Skylge. Beide oanfallers kamen woansdei by de klup werom, wylst de rest fan de seleksje al lager oan it trenen is.

Neffens trainer Marco van Basten binne se dêrom noch net op itselde nivo as de oare fuotballers. De twa wurkje no in yndividueel oefenprogramma ôf. Oare klups aazje op Narsingh en Assaidi. Ajax en PSV wolle Narsingh graach oanlûke. Assaidi is fierhinne rûn mei it Turkse Galatasaray.

(advertinsje)