Tûzenen hantekens 'Rêd Frysk'

De fakulteitsried fan de Ryksuniversiteit wie net oer de plannen ynformearre
Mear as 3.000 minsken hawwe oant no ta har hantekening set foar it behâld fan de stúdzje Frysk oan de universiteit fan Grins. De petysje is opset troch de Ried fan de Fryske Beweging en de stúdzjeferiening Frysk Skanomodu.
Sy meitsje har soargen oer de stúdzje Frysk, no't de universiteit dy ûnderbringe wol by de oplieding Europeeske talen en kultueren. Der is dan neffens de aksjefierders noch mar ien folsleine baan foar it fak Frysk by de fakulteit tsjin dik trije no. Dat is te min om de Fryske taal en kultuer goed te ûnderwizen.
De Ryksuniversiteit Grins hat in plan makke foar in folweardige stúdzje Frysk, mar wol dêr wol in ekstra bydrage foar hawwe fan it Ryk. Ek foar dy aksje binne de hantekenings tige wolkom.