Sinne-enerzjy foar swimbad

Swimbad de Blauwe Kamp yn Nij Beets kin tenei mear as helte fan it enerzjyferbrûk út sinnepanielen helje. It swimbadbestjoer hopet sa flink op de kosten te besparjen. De Blauwe Kamp hat it jierren dreech hân om de holle boppe wetter te hâlden. Troch in soad aktiveiten is der dochs noch jild yn kas.
It keapjen fan sinnepanielen is mei mooglik makke troch subsydzjes en it bedriuwslibben. Boargemaster Ravestein fan Opsterlân sil de sinnepanielen nije wike offisjeel yn gebrûk nimme.