Flugge sinneboat net ynsetber

11 jul 2012 - 12:57

It is noch hieltiten ûndúdlik oft de sinneboat fan it Private Energy Solar Team tongersdei wol fierder kin mei de Solar Challenge. It team gie oan kop, mar koe woansdei net finisje fanwege in stikkene oandriuwmotor. Dy is nei alle gedachten te waarm wurden. It team is no yn Noord-Scharwoude. In spesjalisearre bedriuw dêr besiket de motor te meitsjen.

As dat slagget, moat alles op 'e nij test wurde. Teamlieder Van der Schaar tinkt dat it wol nachtwurk wurde kin. De dielnimmers oan de fjirde sinneboatrace hawwe woansdei in rêstdei.

(advertinsje)