Learskoalle permakultuer los

Flak bûten Ljouwert oan de Boksumerdyk wurdt hurd wurke oan de learskoalle permakultuer. Permakukltuer hâldt yn dat je rekken hâlde mei de natoer, safolle mooglik selsfoarsjennend wurde en ek je eigen griente ferbouwe.
It projekt hat de namme Oerfloed krigen. Frijwilligers ha in tún oanlein en binne hurd oan it wurk om dy yn te rjochtsjen. Mear ynformaasje oer it projekt is te finen op www.leerschoolpermacultuur.nl.