Hotel set film dieverij online

11 jul 2012 - 12:03
  • Wouter de Vries fan Plysje Fryslân
  • De reaksje fan Piet Paulusma

Hotel Zeezicht yn Harns hat woansdei in filmke fan de stellerij fan in iPhone op Facebook set. Op de bylden is te sjen dat in dúdlik werkenbere man it tastel pakt as de resepsjoniste fan it hotel even fan har plak is.

De plysje is net bliid mei de aksje fan it hotel. It op ynternet setten fan sa'n filmke is yn striid mei de privacywetjouwing. De dief soe yn prinsipe in klacht yntsjinje kinne foar it skeinen fan syn privacy, seit in wurdfierder fan de plysje. De plysje wit yntusken wa't de man op it filmke is. Hy sil gau oanhâlden wurde.

De plysje hie leauwer sjoen dat it hotel de bylden oan de plysje jûn hie, yn plak fan se op ynternet te setten. Op ynternet wurdt ek sugerearre dat de man op it filmke in gast wêze soe fan 'in feestje fan Piet Paulusma', mar dat is neffens de waarman 'grutte ûnsin'. "Ik wie freed net iens yn Harns en ik ha al gjin tritich jier meer yn Zeezicht west." Paulusma neamt de berjochten dêrom 'nuver'. "Blykber heart dat der by as je bekend binne, mar ik moat der wol oan wenne."

(advertinsje)