Nije drainaazje seedyk Ferwert

11 jul 2012 - 11:39
  • Beharkje ús reportaazje

Yn de seedyk by Ferwert bringt Wetterskip Fryslân in nij drainaazjesysteem oan. It doel is om it probleem mei de weake berms by de dyk op te lossen. Der wurde horizontale boarrings dien, dêr't de liedings yn oanlein wurde. It wurk duorret in wike en kostet 50.000 euro.

Wetterskip Fryslân is de earste dy't dizze technyk brûke sil by de oanlis fan drainaazje yn in besteande dyk. As de drainaazje nei de proef better wurdt, sil de technyk ek tapast wurde op de restearjende njoggen kilometer dyk.

(advertinsje)