Fertochte sjitpartij poater

11 jul 2012 - 11:26

De plysje hat noch gjin inkeld spoar fan 'e man dy't fertocht wurdt dat er tiisdei in man út Mearum (40) delsketten hat. De fertochte is tiisdei foar it lêst sjoen op de N388 fan Mearum rjochting Fryslân yn in opfallende pearse auto mei gouden letters en in Belgysk kenteken.

De plysje fan Grinslân hat út it hiele lân meldings krigen fan minsken dy't in pearse auto mei gouden letters sjoen ha. Mar it soe noch net om de belutsen auto gean. Lanlik wurdt der nei de auto útsjoen. Ek de plysje yn Fryslân is noch altyd oan it sykjen.

De plysje warskôget minsken om, as se auto tsjinkomme, sels gjin aksje te ûndernimmen, mar fuortendaliks 112 te beljen. Ek de útstjoering fan Opsporing Verzocht oer de saak smiet gjin brûkbere tips op.

Trefwurden: 
sjitpartij Mearum pearse auto
(advertinsje)