Sâltsoer by ôffal Ljouwert

11 jul 2012 - 10:48

In frou (31) út Ljouwert is tiisdeitenacht op de bon slingere omdat se op de Kanadezenleane in jerrycan mei sâltsoer by it grut smoargens set hie. Tsjûgen hiene dat sjoen. Doe't se seagen dat der in stikker mei it symboal foar gefaarlike stoffen op de jerrycan siet, bellen se de plysje en de brânwacht.

Dy ha de floeistof ûndersocht en doe die bliken dat it om it gefaarlike sâltsoer gien. De brânwacht hat it guod meinaam en ferneatige.

(advertinsje)