Hûnestrontsmiter oanhâlden

11 jul 2012 - 10:34

De plysje hat in man (29) út Easterwâlde oppakt, omdat er in amer mei hûnestront troch it rút fan ien syn auto smiten hie. Dat barde ein juny oan de Assepot yn Easterwâlde. In dei earder wie it rút fan de auto fernield.

Ut plysjeûndersyk hat bliken dien dat de 29-jierrige fertochte de stront yn de auto smiten hat. Wêrom't er dat krekt dien hat is noch net dúdlik. De man hat in proses-ferbaal krigen.

(advertinsje)