Goed 2.000 reaksjes op enkête fan KBO-PCOB oer besiteregeling ferpleechhuzen

07 maaie 2020 - 09:03

Likernôch 2.200 Nederlanners follen de enkête fan senioare-organisaasje KBO-PCOB yn, wêrmei't de organiaasje efterhelje woe wat de gefolgen fan de beheinde besiteregeling binne foar de bewenners fan ferpleechhûzen en harren neisten. De measte respondinten ha begryp foar de maatregels, mar ha it der ek dreech mei en wolle har famyljeleden wer sjen.

By Doniahiem yn Sint-Nyk binne stekken delset njonken it terras sa't besite op ôfstân bliuwt - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

KBO-PCOB woe witte, mei op inisjatyf fan V&VN (Verpleegkundigen & Verzorgenden Nederland), hokker ynfloed it eardere besiteferbod hie op de bewenners fan ferpleechhûzen, mar ek op harren mantelsoargers en oare neisten, en wat der nedich wie om dizze maatregels fol te hâlden.

Ferlet fan mear kontakt

It grutste part fan de respondinten seit ferlet te hawwen fan mear kontakt. Hast santich persint seit begryp te hawwen foar de lockdown om it coronafirus te bestriden, mar ûngefear de helte seit ek dat der te min mooglikheden binne om kontakt te hâlden mei harren famyljelid yn it ferpleechhûs.

By in grutte mearderheid is der fertriet (73%) dat se net by har neiste op besite meie en der is ek eangst (26%). Ek foar de bewenners sels sjogge sy dy effekten. Sa is der iensumens (76%), fertriet (66%), hat it gefolgen foar de kwaliteit fan libjen (62%) en is der eangst (35%).

Op de fraach oft de beskerming fan bewenners, mantelsoarger en oaren foar it coronafirus opwage tsjin it net op besite kinnen by bewenners en mooglike neidielige gefolgen foar harren wolwêzen, is 40 persint it iens. 37 persint is it dêrmei ûniens.

25 ferpleechhûzen lyts bytsje iepen

Mei yngong fan moandei 11 maaie is der yn 25 ferpleechhûzen ferspraat oer it lân, ûnder strikte betingsten, ien fêste besiker de bewenner tastien. Direkteur Manon Vanderkaa fan KBO-PCOB is wiis mei dat beslút: "In de vorige persconferentie was er eigenlijk geen perspectief voor de bewoners en hun familieleden. En nu hebben we weer een stip op de horizon."

In soad besoarge minsken namen kontakt op mei de senioare-organisaasje. Vanderkaa: "We hebben gisteren nog mensen aan de telefoon gehad die vroegen of we extra druk konden uitoefenen om te zorgen dat er die avond nog een eerste stap zou worden gezet."

De organisaasje hat de ôfrûne wiken in soad oerlis fierd mei it ministearje en is bliid dat de proef dien wurdt. Mar noch lang net elkenien kin syn famylje ynkoarten wer sjen. "De meeste mensen begrijpen dat het stap voor stap moet. We hopen dat er snel een vervolg kan komen, maar het moet veilig kunnen gebeuren."

9% hat gjin kontakt

Om dochs yn kontakt mei in neiste yn it feprleechhûs te bliuwen, wurdt benammen telefonearjen (58%) en byldbeljen (43%) neamd. Njoggen persint jout oan dat der op dit stuit gjin mooglikheid is om kontakt te hawwen.

Manon Vanderkaa fan KBO-PCOB oer de útkomsten fan de enkête

(advertinsje)
(advertinsje)