Eelke Bakker (109), âldste man fan de Benelúks, ferstoarn

07 maaie 2020 - 08:59

Eelke Bakker, de âldste man fan de Benelúks, is yn syn wenplak Dokkum ferstoarn. Hy is 109 jier en 280 dagen âld wurden. "Verdrietig, maar ook vervuld van trots en mooie herinneringen, laten wij u weten dat in bijzijn van zijn dierbaren is overleden onze lieve zorgzame vader, schoonvader en fantastische (oude) opa", stiet yn de rouadvertinsje.

Foto: Koos Scherjon, RTV NOF

Bakker waard op 28 july 1910 berne yn Ballum op It Amelân. Omdat dêr net folle wurk wie, ferhuze er op syn 18e nei de fêste wâl. Hy kaam yn Eanjum by in boer oan it wurk en letter ek yn Mitselwier. Dêrnei hat er jierrenlang by Rykswettersteat wurke.

Hy troude yn Mitselwier mei Bauktje Sonnema en mei har krige er fjouwer bern: trije soannen en in dochter. Syn frou stoar yn 2007. Sûnt juny 2017 wie Bakker de âldste man fan Nederlân en sûnt 2018 fan de Benelúks. Bakker wenne noch selsstannich yn Dokkum.

De famylje hat in digitaal kondoleânseregister iepene, dêr't minsken in boadskip efterlitte kinne.

De rouadvertinsje yn de Ljouwerter Krante - Foto: Leeuwarder Courant

Boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân wie in lytse moanne lyn noch by Bakker op besite, om him in hert ûnder de riem te stekken yn dizze coronatiid. "We hiene doe in nasjonaal momint dat der blommen oanbean waarden oan âlderein, yn ferbân mei de coronakrisis. Doe ha ik by him foar it rút stien en blommen oerlange oan syn soan. Hy wie noch goed by, hy wenne op himsels en koe him goed rêde."

"Hy wie in bysûnder man. Dat hearde ik ek út de ferhalen fan syn soan. Hy hat altyd hurd wurke en in man dy't sterk syn eigen koers bepaalde." Minsken yn Dokkum en omkriten koenen Bakker ek goed, om't er altyd troch de buert kuiere. "Hy wie wol in bytsje in 'beroemdheid'."

Boargemaster Johannes Kramer

(advertinsje)
(advertinsje)