Boargemaster Kramer: "Net tinke dat alles wer kin"

07 maaie 2020 - 08:43

De ferromming fan de coronamaatregels, sa't dy woansdei oankundige waard, kin allinnich trochgean as minsken har oan de regels hâlden bliuwe, en it tal pasjinten net te hurd oprint. Yn stapkes mei aanst hieltyd wat mear. "In ferstannich beslút", seit boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân. "Mar it ferget ek nochal wat fan de minsken. Elkenien moat net tinke dat alles kin, want dan sjit dy besmettingsgraad wer omheech."

Foto: Gemeente Noardeast-Fryslân

"De ferromming jout ús allegear wer wat perspektyf, mei stapkes geane we foarsichtich nei in normale situaasje. Dêr is elkenien bliid mei." Mar om dat perspektyf te hâlden, moat it tal besmettings ûnder kontrôle bliuwe. "Ik rekkenje benammen op de minsken sels. De klam leit echt op de eigen ferantwurdlikheid. Der komt ek wol kontrôle fan plysjes en boa's, mar dêr moat it net fan ôfhingje."

"Ik tink dat we it mei ús allen oan kinne"

Kramer is dêr optimistysk oer, sjoen hoe't it oant no ta gong is. "It is hiel spannend oft elkenien him deroan hâldt en wat dat mei de besmettingsgraad docht, mar ik tink dat we it mei ús allen oan kinne. De ôfrûne wiken ha minsken har der hiel goed oan holden, yn it generaal. Ik fernim it sels ek op strjitte: minsken nimme ôfstân, hâlde de boel yn de gaten. Yn dy sin ha ik der wol betrouwen yn, mar wis binne we fansels net."

Entûsjasme en kreativiteit

Dat guon ûndernimmers wer oan de slach kinne, makket ek Kramer bliid. "Sy ha in pear hiele drege wiken hân en wolle graach wer oan it wurk. Je sjogge dat in hiel soad ûndernimmers kreatyf oan de gong binne, yn Dokkum binne se bygelyks oan it neitinken: moat de stêd ien grut terras wurde, of moat dat oars oanpakt wurde? Even wachtsje wat derút komt, mar der is in soad entûsjasme en kreativiteit."

Johannes Kramer

(advertinsje)
(advertinsje)