Kollum: "Exit"

"Einliks wie dêr dan de langferwachte exit-strategy. Rutte: 'om de economie en de samenleving langzaam maar zeker weer open te stellen.' Dat sei Mark Rutte woansdei op de parsekonferinsje. We geane op nei in folgjende faze, sei Hugo de Jonge. De Jonge: 'en nu toe moeten naar de controlefase, naar een nieuw normaal.' Want we binne der noch net. Mar nije wike gean de kappers al iepen. Rutte: 'Per 11 mei kunnen ook de meeste mensen met contactberoepen weer aan de slag.'
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Alles giet yn stapkes, wêrfan 1 juny de belangrykste is, ast it my fregest. Dan geane de middelbere skoallen wer iepen, meie wy wer op in terraske sitte en meie wy wer mei de bus en de trein. Mei tritich man meie we wer nei bioskopen, teäters en restauranten. Dat is net in soad, mar in moanne letter meie we al mei hûndert. We moatte mûlkapkes op yn it iepenbier ferfier, no, wat jout it, it is al lang moai dat wy der wer mei reizgje kinne. It bliuwt in nuvere tastân, mar it is net mear sa nuver as it oant no ta wie.
Ik moast weromtinke oan hoe't it begûn. Foaral de berjochten út Italië spilen begjin maart in belangrike rol. Se wisten net wat harren dêr oerkaam. Yntusken is Ingelân Italië foarbygien yn oantal deaden. Yn Nederlân giene we yn lockdown, foel de minister dy't der oer gie flau efter de kateder yn de Twadde Keamer, wêrnei't hy in dei letter opstapte. Doe knakte Brabân, mooglik troch it karnaval fan fjouwer wiken dêrfoar. De sikehuzen rûnen fol: mei tsientallen tagelyk moasten minsken nei de IC. Wêr hellen wy mûlkapkes wei? Wêr de oare beskermingsmiddelen? Ferplegers waarden siik. Wat wie der yn fredesnamme oan 'e hân, wat foar firus is dit, en sil it my en myn neisten reitsje?
Ik seach juster in kaartsje yn 'e krante stean fan Nederlân, mei hoefolle COVID19-deaden der per 100.000 ynwenners binne. Yn de Brabânse gemeenten Boekel en Bernheze binne dat der hast 200, de heechste fan Nederlân. Der binne in pear gemeenten dêr't der net ien registrearre is, en dêrfan lizze der in stikmannich yn Fryslân. Eaststellingwerf, Achtkarspelen, Dantumadiel en de Waadeilannen. Brabân hat 1.407 deaden, Fryslân 59. Ik ha nea jaloersk west op karnaval. It noarden is der genedich fan ôf kommen. Sa't it liket.
Meitsje dy mar ree foar de simmer, Fryslân. Dan komme se. Want se kinne net nei it bûtenlân. Wat is der moaier as in fakânsje yn Fryslân. En Fryslân hat se ek nedich, de toeristen mei harren sinten. Doeksen, de sylskoallen, de fakânsjeparken en de hotels yn it marregebiet, en alle taleverjende bedriuwen, dy't sa'n moai kontsje krigen hawwe fan Kulturele Haadstêd: se meie wer. It koe wolris in goeie simmer foar se wurde. Of net. As de besikers mear meinimme as allinnich sinten.
Of soene se net doare? Bliuwe se dochs thús? De eangst sit der yntusken goed yn. Ja, de jongelju, dat is wat oars, mar de senioaren? Dy mei wat sinten? Ik freegje my ôf hoe't it foar harren wurdt, kommende simmer. Want we binne der noch net. En Rutte warskôge ek: as it minder giet, as der wer mear minsken op de IC's komme, as der wer in brânkearn fan it firus ûntstiet, dan moat de stap foarút wer tebekset wurde. Ik tink earlik sein dat it tafalle sil. De eangst sit der flink yn, en wy hawwe kollektyf in soad leard oer hannen waskje en yn 'e mouwe prúste.
Mar jonges, dit sjonge we wol út. Hoe swart wie it senario oant no ta. Mei de doemfoarspellingen fan de weromkommende kurve en mei de efterstân yn de soarch oan alles dat net corona-relatearre is. De ellinde foar harren dy't muoite hawwe mei it libben en mear dat krigen wat se nedich hawwe. De jongerein dy't no wer nei bûten kin, om te boartsjen, om te sporten en om te drinken en te daten. De grize sluier is fuortlutsen. Ja, wy binne der noch net, sa't Rutte sei, noch lang net, mar der is ljocht oan de ein fan 'e tunnel. En lit de maitiid no mar komme!
Ik haw in kertier nei de parsekonferinsje online in ôfspraak makke by myn kapper."