Eaststellingwerf: gjin parkearjild heffe by natuergebieten

De gemeenteried fan Eaststellingwerf wol net dat minsken mei parkearjild betelje moatte as sy in natuergebiet fan Natuurmonumenten besykje wolle. It idee wie dat minsken 1,75 euro it oere betelje moatte, mei in maksimum fan 7 euro deis. Mei it jild wol Natuurmonumenten de natuer ûnderhâlde.
It Fochtelerfean © Shutterstock.com (Olha Rohulya)
Natuurmonumenten nimt dit jier in beslút oer it betelle parkearjen, mar yn de gemeente Eaststellingwerf wol de ried dêr foarearst net oan meiwurkje. Betelle parkearjen is neffens in grut diel fan de ried min foar rekreaasje en toerisme.

"Prematuur"

Foar Eaststellingwerf soe it allinnich gean om in parkearterrein by it Fochtelerfean. Wethâlder Fimke Hijlkema fertelde de ried dat Natuurmonumenten gjin plannen hat om dêr parkearjild te heffen. GrienLinks fûn it dêrom in doelleaze moasje. En Tammo Munting fan D66 sei: "Het is prematuur en we gaan er niet over."
Yn de moasje tsjin betelle parkearjen, dy't mei tsien stimmen tsjin trije oannaam waard, waard ek it nasjonaal park Drents Friese Wold neamd. Natuurmonumenten hat yn dat park lykwols gjin grûn binnen de gemeentegrinzen fan Eaststellingwerf. It totale gebiet leit yn de gemeente Westerveld yn Drinte. Ek dêr hat de ried in moasje oannommen tsjin it betelle parkearjen.