Stadichoan mear campingreservearrings: "Minsken sykje no yn Nederlân in plakje"

Jachthavens en camperplakken meie fuort wer iepen, mar it sanitêre part moat wol sletten bliuwe. Campings meie lykwols pas mei yngong fan 1 july wer iepen. Dat is in moanne letter as de measte campinghâlders hope hiene. Sy wiene it leafst foar Himelfeart en de pinksterdagen wer losgien. De eigeners fan Camping Pasveer yn Snits binne tige optein mei de ferromming fan de lockdown.
Camping Pasveer yn Snits © Omrop Fryslân, Willem de Vries
"It is moai waar en maaiefakânsje, dus ik bin bliid dat der minsken stean", fertelt Louise Hoekstra. Tegearre mei har broer hat se Camping Pasveer. Ferline moanne sieten se wol efkes de hannen yn it hier. "Fan alles is skrast om de peaskedagen hinne, lykas in teäterstik yn it ramt fan 75 jier frijheid dat hjir yn de pleats wêze soe. Wy seagen ús omset down the drain gean."

Selsfoarsjennend

"No komme der aldergeloks wer minsken." Dat binne foar it grutste part minsken mei campers, dy't selsfoarsjennend binne, mei in eigen húske. "It húskegebou is noch ticht." Der komme noch wol in soad boatsjeminsken út Snits mei in fêst lisplak, mar net in soad passanten. "Dy kinne net gebrûk meitsje fan it sanitêr."
Mei yngong fan 1 july kinne Hoekstra en dy wer los. "Yn it heechseizoen kinne wy yn elts gefal minsken wolkom hjitte. Minsken dy't oars nei it bûtenlân soene, sykje no yn Nederlân in plakje. De Snitswike giet net troch, dy wie oars wol in moaie wike foar ús."

Foldwaande ôfstân hâlde

In campinggast dy't it al wol oandoarde: "Wij hebben een douche en wc aan boord, dat was een vereiste. We kunnen geen gebruik maken van het toiletgebouw. Mits we voldoende afstand houden van de andere campinggasten was het toegestaan om hier naartoe te gaan. We zijn er heel blij mee. En met dit mooie weer, wat wil je nog meer?"
Ferslachjouwer Willem de Vries op camping Pasveer yn Snits