Boargemaster Skiermûntseach: "Verruiming goed nieuws voor de Waddeneilanden"

07 maaie 2020 - 06:42

It stadichoan ôfbouwen fan de coronamaatregels is in goeie saak foar de Waadeilannen. Dat fynt boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach. Van Gent is der wiis mei dat de eilannen wer stapke foar stapke opstarte kinne, mar warskôget wol dat minsken wach bliuwe moatte op de maatregels.

De fearboat fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

"De verruiming is natuurlijk goed nieuws voor alle Waddeneilanden", seit de boargemaster. "Wij hebben het echt moeilijk. Onze ondernemers hebben het zwaar. Daarom zijn we blij dat we weer kunnen starten en dat we weer mensen kunnen verwelkomen."

Oerlis

Der hat woansdei op Skiermûntseach oerlis west mei de belutsen partijen, lykas de plysje, húsdokters, winkellju en ferfierders. Sy tinke nei oer hoe't sy de kommende tiid op in sa goed mooglike wize wurkje kinne. Dat dogge se yn gearwurking mei alle eilannen.

Ek as aansten de toeristestream wer tanimme sil, moat elkenien him hâlde oan de ôfspraken, beklammet Van Gent.

"We moeten ons houden aan de afspraken en ook onze gasten moeten dat gaan doen. Maar wij zijn het wel gewend, de drukte in de zomer. Als we er met zijn allen om gaan denken, zijn mensen hier weer van harte welkom en gaan we kijken hoe we het op een zo veilig mogelijke manier kunnen regelen."

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach

(advertinsje)
(advertinsje)