Liveblog | 7 maaie 2020

Coronanijs fan 7 maaie: Gjin nije coronastjergefallen; oantal IC-pasjinten ûnder de 600

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 16:19
22:45

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tongersdei 7 maaie oer it coronafirus. Tank foar it folgjen fan dit liveblog. Freedtemoarn is der wer in nij liveblog mei dêryn it lêste coronanijs.
20:23

Smoardrok foar kappers

Sûnt it kabinet woansdeitejûn bekend makke dat de kappers fan kommende moandei ôf wer iepen meie, stiet de telefoan by in soad kappers net mear stil. "De telefoon staat hier roodgloeiend", seit Carolien de Groot fan Caro-Line Hair & Make-up yn Frjentsjer. Har kapsalon sit de hiele moanne maaie dan ek al sawat fol.
19:50

Frou Zuidema krijt vlogs fan har soan mei kanker

Se krupt sawat yn de laptop as har soan Adriaan (47) yn byld ferskynt. Neel Zuidema fan Gytsjerk hat leard hoe't se skype moat sûnt de lockdown. It is de iennige manier om inoar 'te sjen' ek al fielt echt kontakt oars fansels. Adriaan seit fia skype fan syn hûs yn Delft út dat er útsjocht nei inoar moetsje. Wat altyd sa fanselssprekkend like sil je no aanst ekstra wurdearje, tinkt er.
Frou Zuidema skypet mei har soan © Omrop Fryslân
19:14

Coronamedalje foar Opsterlanner basisskoallebern

Basisskoallebern yn Opsterlân krije in medalje en oarkonde fan de gemeente, omdat se holpen ha om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Troch acht wiken thús te bliuwen en net nei skoalle te gean ha de bern neffens de gemeente in grutte rol spile by it opkearen fan it firus. De skoalbern fertsjinje in grut komplimint, fynt de gemeente Opsterlân. Dêrom krije se in taastber oantinken oan dizze coronaperioade. Boargemaster Van Selm fan Opsterlân bringt kommende moandei in besite oan basisskoalle De Arke yn Nij Beets om de medalje en oarkonde persoanlik del te bringen.
19:05

Friezinne om utens yn Kataloanië

Krekt as Nederlân giet Spanje hiel stadichoan wer iepen. Friezinne om utens Geartsje de Vries, oarspronklik fan Warkum, wennet yn it Katalaanske Mataró. "We ha hjir wol hân dat de plysje nei it tiidstip seach op dyn kassabontsje fan de supermerk, om te kontrolearjen ofst net te lang bûten wiest."
Geartsje de Vries en har famylje yn Mataró © Eigen foto
19:01

Bewenners Talmahoeve wolle nei bûten

Der komt foarearst gjin ferromming fan de coronaregels by de fersoargingshuzen. Dat is de bewenners fan fersoargingshûs Talmahoeve yn Feanwâlden min nei it sin. Se wolle wer nei bûten en de bewenners lieten dat tongersdeitemoarn dúdlik witte oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok, dy't dêr op wurkbesite wie.