Coronanijs fan 7 maaie: Gjin nije coronastjergefallen; oantal IC-pasjinten ûnder de 600

07 maaie 2020 - 20:05

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.

  • It kabinet hat in stappeplan bekendmakke om de coronamaatregels stadichoan te ferromjen yn de simmer.
  • Neffens de lêste sifers binne der yn Fryslân 63 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 526 besmettingen fêststeld;
  • Der lizze 18 minsken op de intensive care yn Fryslân, dêrneist lizze der 15 coronapasjinten op oare ôfdielingen;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch op de kaart foar de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:45
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tongersdei 7 maaie oer it coronafirus. Tank foar it folgjen fan dit liveblog. Freedtemoarn is der wer in nij liveblog mei dêryn it lêste coronanijs.

20:23
Smoardrok foar kappers

Sûnt it kabinet woansdeitejûn bekend makke dat de kappers fan kommende moandei ôf wer iepen meie, stiet de telefoan by in soad kappers net mear stil. "De telefoon staat hier roodgloeiend", seit Carolien de Groot fan Caro-Line Hair & Make-up yn Frjentsjer. Har kapsalon sit de hiele moanne maaie dan ek al sawat fol.

Lês mear: Kappers ha it alwer smoardrok: "Telefoon staat sinds gister roodgloeiend"

19:50
Frou Zuidema krijt vlogs fan har soan mei kanker

Se krupt sawat yn de laptop as har soan Adriaan (47) yn byld ferskynt. Neel Zuidema fan Gytsjerk hat leard hoe't se skype moat sûnt de lockdown. It is de iennige manier om inoar 'te sjen' ek al fielt echt kontakt oars fansels. Adriaan seit fia skype fan syn hûs yn Delft út dat er útsjocht nei inoar moetsje. Wat altyd sa fanselssprekkend like sil je no aanst ekstra wurdearje, tinkt er.

Lês mear: Frou Zuidema troch corona skaat fan har soan mei kanker: 'Hy makket elke dei in vlog'

Frou Zuidema skypet mei har soan - Foto: Omrop Fryslân
19:14
Coronamedalje foar Opsterlanner basisskoallebern

Basisskoallebern yn Opsterlân krije in medalje en oarkonde fan de gemeente, omdat se holpen ha om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Troch acht wiken thús te bliuwen en net nei skoalle te gean ha de bern neffens de gemeente in grutte rol spile by it opkearen fan it firus. De skoalbern fertsjinje in grut komplimint, fynt de gemeente Opsterlân. Dêrom krije se in taastber oantinken oan dizze coronaperioade. Boargemaster Van Selm fan Opsterlân bringt kommende moandei in besite oan basisskoalle De Arke yn Nij Beets om de medalje en oarkonde persoanlik del te bringen.

19:05
Friezinne om utens yn Kataloanië

Krekt as Nederlân giet Spanje hiel stadichoan wer iepen. Friezinne om utens Geartsje de Vries, oarspronklik fan Warkum, wennet yn it Katalaanske Mataró. "We ha hjir wol hân dat de plysje nei it tiidstip seach op dyn kassabontsje fan de supermerk, om te kontrolearjen ofst net te lang bûten wiest."

Lês mear: Friezinne om utens yn Kataloanië: "We meie 1 kilometer fan hûs fytse"

Geartsje de Vries en har famylje yn Mataró - Foto: Eigen foto
19:01
Bewenners Talmahoeve wolle nei bûten

Der komt foarearst gjin ferromming fan de coronaregels by de fersoargingshuzen. Dat is de bewenners fan fersoargingshûs Talmahoeve yn Feanwâlden min nei it sin. Se wolle wer nei bûten en de bewenners lieten dat tongersdeitemoarn dúdlik witte oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok, dy't dêr op wurkbesite wie.

Lês mear: Bewenners Talmahoeve tsjin Kommissaris Brok: "Wy wolle nei bûten!"

18:58
Hoe komt it mei Oerol?

Fan it Ryk meie grutte publykseveneminten pas wer as der in faksin is. Dat hat in soad ynfloed. Want hoelang kin it wol net duorje foardat dat der is? It kultuerele festival Oerol dat yn juny wer op Skylge wêze soe, soe dit jier al net trochgean yn syn oarspronklike foarm. Mar wat as it faksin der takom jier noch net is?

Lês mear: Festivals net earder tastien wannear't der in faksin is, hoe komt it mei Oerol?

18:23
De Harmonie giet net iepen foar tritich man publyk

Wy kinne net iepen mei tritich man publyk. Lit dat dúdlik wêze. Direkteur Marijke van der Woude van skouboarch De Harmonie is net sa posityf oer it nijs foar de kulturele sektor dat it kabinet woansdei bekend makke hat.

De kulturele sektor mei, mei in soad beheinings, de doarren per 1 juny wer iependwaan. Ynearsten meie der net mear as tritich minsken yn it publyk sitte. As dat goed giet en it tal besmettingen net omheechgiet, giet dat getal omheech nei hûndert. De maatregels betsjutte in finansjele strop dy't boppe-op de tekoarten komt dy't der al wiene by De Harmonie.

Lês mear: De Harmonie: Net iepen foar tritich man publyk

17:42
Premier Rutte: stiet net fêst dat hoareka iepen kin op 1 juny

Neffens premier Rutte stiet it net fêst dat hoareka op 1 juny wer iepen kin. "Het moet verantwoord kunnen, anders doen we het niet", sei hy yn it debat oer corona yn de Twadde Keamer.

Rutte sei dat hy der pas in wike fan te foaren wis fan is. "We moeten ons baseren op cijfers van virologen." Sy hâlde de fersprieding fan it firus yn de gaten en sjogge oft de opnamen yn it sikehûs en de intensive care leech genôch bliuwe.

17:31
Izore: elkenien teste mei klachten is helber

Neffens Izore is it plan fan it kabinet om fan juny ôf alle minsken mei klachten dy't hearre by it coronafirus te testen helber yn Fryslân.

"Wij verwachten de toename van monsters voor coronavirus-diagnostiek goed aan te kunnen", seit direkteur Anne-Marie van Elsacker.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)