Kapper Kingma hopet op ferantwurdlikens fan klanten

06 maaie 2020 - 21:49

Der wie al in pear dagen rekken mei holden mar premier Rutte kaam mei it ferlossende wurd: de kappers meie moandei wer los. Wol moatte se felichheidsmaatregels nimme om besmetting mei it coronafirus foar te kommen, mar de measte kapsalons binne dêr al op taret. "De telefoon staat al een paar dagen roodgloeiend. Mensen willen graag hun haar laten doen, dit heeft al te lang geduurd," seit kapper Paul Kingma fan Ljouwert.

Sân wiken hat Kingma syn kapsalon yn de wyk Westeinde yn Ljouwert al ticht. Tegearre mei syn frou hat hy de saak al 34 jier, mar dit hat hy noch nea meimakke. "In het begin hadden we er nog wel begrip voor dat we de kapperszaak moesten sluiten, maar later vond ik het moeilijker. Hier op het parkeerterrein zag ik allemaal auto's met mensen die met z'n allen de supermarkt in doken, terwijl wij voorzorgsmaatregelen hadden genomen die we niet mochten gebruiken omdat we niet open mochten."

Maatregels

No is Kingma bliid dat se wer los kinne, al is it mei spesjale maatregels, "We hebben speciale wanden tussen de stoelen gezet, en we knippen minder klanten. Die moeten allemaal op afspraak komen en als ze zich niet lekker voelen, moeten ze thuis blijven. Ik hoop dat klanten zelf die verantwoordelijkheid nemen." Ek hat Kingma ûntsmettingsmiddels ynslein om nei elke knipbeurt de saak wer skjin te meitsjen.

Kingma hat ek mûlkapkes oanskaft mar dy binne net ferplichte. "Nee, dat hoeft niet maar als klanten zich daar veiliger bij voelen, dan liggen ze bij ons klaar. Ook voor ons personeel trouwens, als die prettiger werkt met een mondkapje." Nije wike iepenet Kingma de doarren. "It giet oan, ik denk dat alle kappers in Friesland blij zijn."

Trefwurden: 
Ljouwert kappers coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)