Anne Hettinga wol foarkomme dat 'tefolle reizgers' yn bus of trein stappe

06 maaie 2020 - 21:37

Troch goeie ôfspraken te meitsjen mei wurkjouwers en skoallen foar fuortset ûnderwiis hopet Arriva-direkteur Anne Hettinga te foarkommen dat der yn juny tefolle minsken tagelyk de bus of trein pakke. Premier Rutte makke bekend dat it iepenbier ferfier nei juny wer neffens tsjinstregeling ride sil. It kabinet wol dat de bedriuwen op syn meast 40 persint fan de reizgerskasiteit brûke. "Dat wurdt noch in hiele útdaging", seit Hettinga.

Arriva is foarearst net fan doel om dielen fan treinen en bussen ôf te sluten om sa it tal reizgers te beheinen. Wol komme der spesjale rinrûten en foarsjenningen yn trein- en busstasjons om derfoar te soargjen dat de reizgers dêr net tichter byinoar hoege te kommen as de ôfprate oardel meter. Yn trein of bus is dat net te dwaan, en dêrom wurdt it gebrûk fan in mûlkapke foarearst ferplichte yn it iepenbier ferfier. "Dêr sille wy ek op hanthavenje, rekkenje dêr mar op." Foar de eigen meiwurkers hat it bedriuw foldwaande mûlkapkes op foarried. De reizgers moatte sels in mûlkapje keapje of meitsje. In sjaal of holledoekje brûke as alternatyf is net tastien.

Tydlik en needsaaklik

"Nei jierren fan aksjes om mear minsken yn de bus en trein te krijen giet dit fansels yn tsjin myn DNA", seit Hettinga oer coronamaatregels dy't mei yngong fan juny jilde. "It komt der op del dat je noch hieltiid allinnich de bus of trein pakke moatte as dat echt nedich is en net om in leuk útstapke te meitsjen." It is in tydlike, mar needsaaklike tuskenfaze, hopet de Arriva-direkteur. "Wat earder we dit firus mei ús allen baas binne, wat earder eltsenien wer mei it iepenbier ferfier reizgje kin."

Kompensaasje?

De coronamaatregels hawwe de iepenbier ferfierbedriuwen wol in soad jild koste. De ôfrûne wiken gie it om sa'n 90 persint fan de omset, by likense kosten. "Wy binne hjiroer yn ûnderhanneling mei it kabinet. Wy ferwachtsje dat we nije wike ôfspraken oer meitsje kinne oer stipe en kompensaasje."

Hettinga is yn alle gefallen bliid mei de erkenning fan it iepenbier ferfier as 'fitale en needsaaklike' sektor troch it kabinet. Meiwurkers fan ferfiersbedriuwen komme mei yngong fan nije wike ek yn oanmerking foar in coronatest as dêr oanlieding ta is, lykas ûnderwizers. Hettinga fynt dat net mear as logysk. "Meiwurkers fan bus en trein treffe folle mear minsken as jo en ik en dat moat it fansels wol feilich."

(advertinsje)
(advertinsje)