Pilot mei 'opbouwurkers' yn Eaststellingwerf wurdt ferlinge

De pilot dy't yn de gemeente Eaststellingwerf dien wurdt mei saneamde 'opbouwurkers' yn fjouwer doarpen en ien wyk, wurdt mei in jier ferlinge. De gemeenteried wol de proef útwreidzje nei oare gebieten. De opbouwurkers binne ûnôfhinklik yn tsjinst fan doarpen en wiken. Dy meie dus bepale wêr't in opbouwurker mei oan de slach giet.
Appelskea © Ronnie Porte
Ut in earste evaluaasje docht bliken dat men posityf is yn de doarpen oer de opbouwurkers. Bewenners fine in harkjend ear yn de wurkers. De pilot rûn yn Appelskea, Ravenswâld, De Fochtel, Makkingea en de wyk Sawono yn Easterwâlde. Ek fan Donkerbroek, Elslo, De Haule, Langedike en Easterwâlde-Noard is der fraach nei de stipe fan opbouwurkers.

Utwreidzje mei evaluaasje

Ooststellingwerfs Belang, GrienLinks en de PvdA woene de pilot earst mei in jier ferlingje. VVD en CDA wiene dêr net foar, mei fanwegen de ûnwissens troch de coronakrisis. De ChristenUnie, Wij Lokaal, StellingwerfPLUS, D66 en Simon ter Heide woene lykwols net langer wachtsje.
Uteinlik hat wethâlder Esther Verhagen foarsteld om de pilot mei twa jier út te wreidzjen, mar wol nei in jier wer in evaluaasje te dwaan mei in ôfwaging oer de kosten. Foar de kommende twa jier is der no goed 285.000 euro beskikber steld.