Drugsrider mei ûnjildich rydbewiis besiket út te naaien by Burdaard

In 25-jierrige ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân besocht tiisdei út te naaien foar de plysje. De man ried 97 km/o op in dyk dêr't mar 60 tastien is. Letter die ek nochris bliken dat de man ûnder ynfloed wie fan drugs en mei in rydbewiis op 'en paad wie dat net jildich wie.
© Politie Noordoost Fryslan
In plysjeman op de motor wie de bestjoerder steande hâlde, mar de man naaide út. Mei in snelheid boppe de 200 km/o ried de man yn de rjochting fan Burdaard. Dêr trof de plysje mei help fan omwenners de auto oan, dy't yntusken leech wie. De plysjeman wist lykwols noch wol hoe't de bestjoerder der út seach en dy koe dêrnei thús oanhâlden wurde. It die bliken dat de man ûnder ynfloed fan drugs wie en dat it rydbewiis fan de man net mear jildich wie.
De bestjoerder krijt in proses-ferbaal foar de snelheid, it negearjen fan in stopteken, it riden ûnder ynfloed fan drugs en it riden mei in rydbewiis dat net mear jildich is.