"Moai dat coronamaatregels rommer wurde mar hâld ôfstân, want it firus is net fuort'

06 maaie 2020 - 20:20

"In stevich, mar dúdlik pakket en ljocht oan de ein fan de tunnel", dat sei Wim Kleinhuis fan de Veiligheidsregio Fryslân nei ôfrin fan de parsekonferinsje "It wichtichste is dat wy ús gedrage moatte sadat de sifers bliuwe sa't se binne. Wy moatte ús deroan hâlde, want it firus is net fuort. Der komme alle dagen pasjinten by. Dit duorret wol oardel oant twa jier."

Der komt wer libben yn de doarpen.

Wim Kleinhuis (Veiligheidregio Fryslân) oer it wer tastean fan bûtenaktiviteiten

Kleinhuis is bliid dat de kontaktberoppen wer los kinne en dat bûtenaktiviteiten foar elkenien wer tastien binne. "Dan komt der wer libben yn de doarpen." Fersoargingshuzen eksperimintearje mei in rommere besikersregeling. It is net bekend oft dêr ek Fryske fersoarginghuzen by sitte. Kleinhuis seit dêr nei alle gedachten tongersdei mear oer te witten. Guon bedriuwen, lykas campings, moatte wat langer wachtsje foardat se wer los kinne. "Mar de datum (1 july) is wol noch foar de grutte fakânsje en dan witte we wêr't we oan ta binne."

Christel Koning fan restaurant Hof van de Koning op It Hearrenfean is reedlik postyf. Se is bliid mei de ferromming, mar hat muoite mei it getal fan maksimaal tritich minsken ynklusyf meiwurkers yn de saak. Yn it foar reservearje en freegje nei de sûnens fan de gasten docht se graach. Fierders is se bliid mei it twadde stipepakket dat der komt. Dat is hurd nedich foar de hoareka.

No't fol ynset wurde moat op oardel meter ôfstân, moatte der wol dingen feroarje, seit Kleinhuis fan de Veiligheidsregio. Sa moatte de terrassen grutter wurde. "Sa't it no is, kin it net. Ek op campings moat der goed om tocht wurde dat minsken oardel meter ôfstân oanhâlde."

(advertinsje)
(advertinsje)