Ferromming fan coronamaatregels: dit is it stappeplan fan it kabinet foar de simmer

06 maaie 2020 - 20:21

Premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge hawwe woansdeitejûn yn in parsekonferinsje in 'rûte' bekendmakke foar de simmer. Yn dat stappeplan wurde in soad maatregels stadichoan ferromme. It giet oer it ûnderwiis, de hoareka, it iepenbier ferfier en tal fan oare sektoaren. Wol seit de minister-presidint mei klam dat it ûnder foarbehâld is fan hoe't it firus him hâldt.

Foto: ANP

Neffens premier Rutte leit de earste útbraak efter ús, om't de sikehûssifers al in pear wiken ferbetterje. Mar, sa seit er: "Voorzichtigheid nu is beter dan spijt achteraf. Dat is de winstwaarschuwing voor alles wat wij vandaag zeggen. We kunnen Nederland alleen van het slot halen als iedereen zich aan de regels blijft houden."

Stribjen: eltsenien teste

Minister De Jonge hat oanjûn dat it stribjen is dat eltsenien mei klachten fan 1 juny ôf test wurde kin op it coronafirus. No wurdt dat dien by âlderein mei klachten, soarchmeiwurkers, jongereintrainers, leararen en meiwurkers op de berne-opfang. Nei 1 maaie moatte dat ek minsken mei kontaktberoppen wurde, en nei 18 maaie mantelsoargers, meiwurkers yn it iepenbier ferfier, plysje, maresjaussee en oare hanthavers.

Besite ferpleechhuzen

It ferbod op besite yn de ferpleechhuzen moat stap foar stap wer ferromme wurde, seit minister De Jonge. "Om het medisch noodzakelijke beter met het menselijke te verenigen. Want ook de kwaliteit van leven doet er toe." Hy seit wol it bedachtsum te dwaan. "Vanaf aanstaande maandag beginnen we langzaam op een beperkt aantal van 25 locaties, als proef."

De planning fan it kabinet (ûnder foarbehâld):

11 maaie

  • Basisskoallen en berne-opfangen kinne wer iepen, sa't earder al oankundige is (bern it leafst hiele dagen nei skoalle, om net-needsaaklike bewegingen te foarkommen)
  • De measte kontaktberoppen (lykas kappers, skjintmespesjalisten, rydynstrukteurs) meie wer iepen. Wol mei de betingsten: 1,5 meter ôfstân wêr mooglik en op ôfspraak (dêrby wurdt frege oft de klant klachten hat)
  • Minsken boppe de 18 jier meie wer bûten sporte (gjin kontaktsport, gjin wedstriden en wol op 1,5 meter ôfstân)
  • Biblioteken kinne wer iepen

1 juny

  • Fuortset ûnderwiis mei wer úteinsette (de wize wêrop wurdt noch útwurke)
  • De terrassen meie wer iepen (wol moat eltsenien oan in tafel sitte en 1,5 meter ôfstân hâlde)
  • Ferskate sealen (lykas foar teäter, bioskoop) meie foar maksimaal 30 minsken (ynklusyf personiel) wer iepen. Wol op reservearring, mei 1,5 meter ôfstân en in kontrôlepetear
  • Musea meie wer iepen, wol mei foarôf kaartsjes keapje
  • It iepenbier ferfier sil wer in folsleine tsjinstregeling ride, foar sa'n 40 persint fan it tal reizgers dat normaal mei bygelyks de trein giet. Eltsenien moat in mûlkapke op hawwe yn it iepenbier ferfier

15 juny

  • It middelber beropsûnderiis mei wer praktykeksamens en -underwiis jaan (it hegere ûnderwiis moat noch wachtsje)

1 july

  • Alle eardere maksimale oantallen fan 30 persoanen wurde ferhege nei 100 man
  • Tsjerken, kongressen, krematoaria meie oant 100 persoanen wer iepen, ek brulloften meie wer op dy wize
  • Sanitêr op fakânsjeparken mei wer iepen

1 septimber

  • Sportsintra, sauna's, coffeeshops, kasino's, sekswurkers, kontaktsporten en binnensport meie wer úteinsette.

Mûlkapkes yn it iepenbier ferfier

Foar it iepenbier ferfier jilde wol spesjale betingsten. "In de trein bus, tram en metro is het houden van 1,5 meter afstand niet realistisch. Dus daarom willen we dat iedereen een mondkapje draagt, omdat voldoende afstand houden simpelweg niet mogelijk is. Iedereen moet daar zelf voor zorgen, het is niet de bedoeling om medische mondkapjes te gebruiken," seit Rutte. "Het gebruik van mondkapjes is denkbaar in situaties waar 1,5 meter afstand houden niet mogelijk is. Niet om jezelf te beschermen, maar maar om te voorkomen dat anderen besmet raken."

Wim Kleinhuis

Rutte jout ek oan begryp te hawwen foar de sekoaren dy't noch efkes wachtsje moatte. "Dit kan hard aankomen. Maar aan hen wil ik zeggen dat er in een tweede steunpakket extra aandacht komt voor hun situatie."

Minister Hugo de Jonge seit wol mei klam oer it coronafirus: "Wanneer is het coronavirus niet meer allesbepalend voor onze samenleving? Dat is eigenlijk pas als er een vaccin is. Maar wanneer dat er is, is nog onzeker. Dat betekent dat we langere tijd moeten leven met het virus. We moeten door naar een controlefase, in afwachting van het vaccin en zonder dat het virus weer om zich heen grijpt."

Basisregels

De coronamaatregels binne dêr tige wichtich foar, seit De Jonge. "Het succes van onze aanpak valt of staat met de basis die we met elkaar in de samenleving hebben gemaakt. Om het virus onder controle te houden zullen we het weer samen moeten doen." Dêrom bliuwe regels as thús bliuwe by klachten, 1,5 meter ôfstân hâlde, safolle as mooglik thús wurkje, goed hannen waskje ensafh. noch altyd fan krêft. "Ons gedrag kan het verschil maken door ons gedisciplineerd te houden aan deze afspraken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)