Darter Noppert spilet freed dochs yn PDC Home Tour

06 maaie 2020 - 17:53

Darter Danny Noppert makket dochs syn debút yn de PDC Home Tour. De Jouster, dy't earder oanjoech foarearst net mei te dwaan oan de online thúskompetysje fan it profesjonele dartbûn, sil freedtejûn dochs yn aksje komme.

Foto: Orange Pictures

Noppert sit yn in pûl mei ûnder oare Ian White, de nûmer tsien fan de wrâld. Ek James Wilson en Jesus Noguera binne freed syn tsjinstanners.

Home Tour

By de PDC Home Tour komme eltse jûn fjouwer profs yn aksje yn in groepsfaze. Sy nimme it tsjin elkoar op en de winners fan elke jûn komme elkoar oan de ein fan it toernoai wer tsjin.

De darters spylje harren wedstriden thús. Sy moatte dêrfoar in kamera op it dartboerd rjochtsje, soargje foar goeie ferljochting en in kreas dartboerd. Troch yn te beljen op spesjale software, komme se yn kontakt mei harren tsjinstanners.

Dartfans dy't de wedstriden folgje wolle, kinne dêrfoar terjochte op de webside fan it dartbûn PDC. Earder al spile Jan Dekker fan Boalsert mei yn de Home Tour, mar hy kaam net troch syn pûlfaze.

(advertinsje)
(advertinsje)