Rekreaasje Súdwest-Fryslân fernimt wikseljende effekten fan coronakrisis

De ûndernimmers yn de rekreaasjesektor fan Súdwest-Fryslân fernimme wikseljende effekten fan de coronakrisis. De iene hat it drok mei it ferhieren fan boatsjes en de oare kin campingplakken net kwyt. VVV Waterland van Friesland komt dêrom mei in kampanje om minsken nei Fryslân te lokjen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Jan IJben fan Ottenhome Heeg: "Wy binne al 35 jier aktyf yn de boatferhier, oant jachten fan 14 meter ta. Mar wy dogge ek groepsakkommodaasjeferhier mei in hotelskip, wy hawwe in sylskoalle, dogge eveneminten en reparearje en ferkeapje boaten. It gelok is dat wy in soad dogge. Alles mei groepen leit stil, mar de ferhier giet wol troch. Yn stee fan Dútsers binne it no Nederlanners dy't komme. De reparaasje en ferkeap giet ek noch wol wat troch."
IJben sjocht wol dat der ferskillen binne tusken de Veiligheidsregio's. "Der is in sintrale rjochtline, mar tusken de Veiligheidsregio's binne ferskillen. De iene jachthaven biedt wol tsjinstferliening oan, de oare net. En dat is wol dreech út te lizzen oan minsken."

Kampanje: op fakânsje yn eigen lân

Floriaan Zwart fan VVV Waterland sjocht it leafst perspektyf. "Voor de horeca, campings en recreatiebedrijven, over wanneer ze weer open kunnen. Er komen vele binnenland-vakanties aan, maar er moet wel perspectief zijn om ergens naar toe te werken." VVV Waterland sil úteinsette mei in grutte kampanje. "Dat hebben we voorbereid na de oproep van gedeputeerde Avine Fokkens om op vakantie te gaan in eigen land. Toen zijn we samen met Merk Fryslân aan de gang gegaan om een plan in te dienen. Mensen zijn zich nu aan het oriënteren op een vakantie in Nederland. Als het gaat om afstand houden: dat kan in dit gebied heel goed."

Sanitêr iepen

Jan IJben wit wol wat er it leafst soe wolle fan Rutte. "Ik soe graach de sanitêr wer iepen hawwe wolle. De brêgen binne al iepen. Mar sa kinne je minsken mear service biede." Zwart seit dêroer: "Wat het sanitair betreft zijn er wel tegenstrijdigheden. Je mag wel met honderden mensen de IKEA in of met veel mensen gebruikmaken van wc's, maar op een camping waar serieus is nagedacht over protocollen, mogen ze niet open. Dat is moeilijk te verkopen aan een ondernemer die zijn bedrijf kapot ziet gaan. Als we het nog redden voor Hemelvaart dat ze wel open kunnen, is voor veel bedrijven het seizoen nog niet verloren."
Ferslachjouwer Willem de Vries yn Heech
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Otto Spoelstra fan Aquacamping en Jachthaven De Rakken yn Wâldsein: "Alles wat fêst is oan gasten, wol graach komme. Al bliuwt der wol in part fuort. De problemen sitte by de passanten dy't gjin foarsjenningen hawwe. Mar wy kinne wol in tik hawwe. Wy lizze noch net fuort om mei in slach om 'e kop. Mar mei Himelfeart en Pinkster iepen, dat soe wol moai wêze."
Minsken stelle wol fragen en wolle somtiden jild werom, jout Spoelstra oan. "Dêr komme dochs mear problemen mei. Wy hawwe in rêstich en noflik bedriuw. Minsken kenne inoar en hâlde harren goed oan de regels. As wy ús fjouwer sanitêrgebouwen iepen sette, tink ik wol dat de minsken de regels goed opfolgje. En minsken wolle dochs út harren wenten wei. Hjir is de romte, sûnder gefaar foar de sûnens."
Ferslachjouwer Willem de Vries yn Wâldsein
© Omrop Fryslân, Willem de Vries