Gemeente Dantumadiel op de fingers tikke troch Ried fan Steat fanwege boer

De gemeente Dantumadiel hie in boer yn Feanwâlden gjin fergunning jaan mocht foar mear melkfee en in gruttere stâl. Neffens de Ried fan Steat dy't dat bepaalde, hat de boar dêrfoar te min grûn.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De boer oan De Wâl woe groeie nei 250 stiks melkfee en 160 stiks jongfee. Omwenners wiene dêr net bliid mei en stapten nei de rjochter. De rjochtbank joech harren ferline jier gelyk dat it net goed gien wie mei de fergunning. De gemeente moast de fergunning opnij tsjin it ljocht hâlde, mar dat barde net. Dêrom prosedearren de bewenners fierder.

Allinnich útwreidzje by genôch grûn

Neffens de Ried fan Steat hat de boer foar safolle fee te min grûn. Hy moat genôch lân hawwe om mear as de helte ruwfeefoer sels te ferbouwen en sels dong út te riden. Boeren dy't dat wol kinne, hawwe in 'grûnbûn bedriuw'. As it gjin grûnbûn bedriuw is, mei in boer net útwreidzje en dus hie de gemeente gjin fergunning ôfjaan mocht.

Twangsom

De gemeente moat oer uterlik tolve wiken de nije fergunningsoanfraach ôfhannele hawwe. Foar alle dagen dat dat net dien is, moat de gemeente in twangsom betelje fan 100 euro deis. Dat kin oprinne oant maksimaal 15.000 euro. De omwenners hiene spesjaal om in twangsom frege omdat de gemeente yn harren eigen de saak te lang sloere litte hat.