Soarchsintrum Het Bildt ferwachtet noch gjin ferromming fan de coronamaatregels

Yn de parsekonferinsje op woansdeitejûn wurde ferrommingen fan de coronamaatregels oankundige, dat is de ferwachting. Atje Tadema, direkteur fan soarchsintrum Het Bildt ferwachtet net dat de soarchhuzen ek mear romte krije: "Wy hawwe te krijen mei de meast kwetsbere groep."
Soarchsintrum Beuckelaer oer mooglike ferromming coronamaatregels
De situaasje fan no is swier foar de bewenners fan soarchhûs De Beuckelaer yn Sint-Anne, seit Tadema. "Foar de minsken is it fansels wol wrang, want dy sjogge wol langhalzjend út nei it kontakt mei de neisten. Der binne best skrinende situaasjes, dat der famyljeleed is en je inoar graach efkes moetsje wolle en somtiden binne der omstannichheden dat de bern ûngemak krije en de âlden hjir sitte."
Ek foar de meiwurkers is it in swiere tiid. "It personiel sit yn deselde situaasje, sy krije alle fragen earst en moatte dêr ek in antwurd op formulearje, dêr't sy sels miskien net foar kieze. Psychysk docht dat wol wat mei ús personiel", seit Tadema.
Atje Tadema fan soarchsintrum Het Bildt
© Omrop Fryslân, Aise van Beets