Nije webside kin hoareka helpe yn oardel meter-ekonomy

06 maaie 2020 - 15:56

No't de hoareka him klear makket om stadichoan wer iepen te gean, wurdt de fraach hieltyd grutter hoe't de oardel meter op terrassen en yn restaurants oanhâlden wurde kin. De 20-jierrige Ljouwerter Sven van der Zee hat der mei de nije webside Orderli miskien wol in antwurd op. Mei de webside kinne je online iten en drinken bestelle, sa't der gjin servearder mear by de tafel hoecht te kommen.

Der wurdt no al hast in jier wurke oan de webside. Van der Zee docht dat mei twa âld-stúdzjegenoaten út Delft. It wurket mei QR-koaden, dy't te scannen binne mei in smartphone. De QR-koaden stean bygelyks op in blokje op de tafels yn restaurants. Troch de koade te skannen komme je op de webside, mei it menu. Nei't je de bestelling pleatst hawwe, komt dat automatysk terjochte yn de keuken of by de bar.

Oanfragen tanommen

"Voor de coronatijd hadden we al wat aanvragen liggen. Maar door de coronacrisis is dat nagenoeg verdubbeld, bijna verdrievoudigd. Onze telefoons staan nu roodgloeiend!", fertelt Van der Zee.

Ek by Grand Café Z op it Saailân yn Ljouwert binne se entûsjast. Eigener Haise Bosma: "Dat kontaktmomint mei it bestellen hoecht no net mear. Ek it ôfrekkenjen kin fia dy webside. It is minder persoanlik, mar we moatte ús hâlde oan de regels dy't ús oplein wurde."

Terras iepen?

Bosma hopet dat de regels foar de hoareka by de parsekonferinsje woansdeitejûn wat ferromme wurde, sa't bygelyks terrassen wol wer iepen kinne. Dochs bliuwt it dreech om in wize te finen wêrop't de oardel meter altyd neikommen wurde kin. De webside helpt derby, mar it iten of drinken kin bygelyks ek net rjocht foar de gasten delset wurde. "Dan moatte wy bygelyks de kofje of tee flakby de gasten op in tafel sette en se dan freegje oft se it sels dêrwei pakke kinne."

(advertinsje)
(advertinsje)