Jan Ketelaar sit fêst yn Italië: "Krekt as libbest yn in frjemde dream"

06 maaie 2020 - 15:47

Byldzjend keunstner Jan Ketelaar fan Drachten, benammen bekend om de twa froulju op de seedyk fan Holwert, sit al sûnt heal febrewaris 'fêst' yn Italië. Ketelaar soe trije wike yn Italië ferbliuwe by freonen yn in lyts doarpke yn it suden fan it lân, mar doe bruts it coronafirus út.

Jan Ketelaar yn Italië - Foto: Iris van Hornsveld

It is in nuvere gewaarwurding, seit Ketelaar. "It is krekt as libbest yn in hiel frjemde dream. Yn dit doarpke ek, dan sjoch ik in hiel soad minsken rinnen mei mûlkapkes foar."

Omsette yn enerzjy

Hoewol't er syn thús wol mist, wit hy him ek wol te fermeitsjen. "As ik net oan thús tink, ha ik de tiid fan myn libben. Ik kin hjir alle kanten út en it is net te leauwen hoe moai it hjir is. Wy hawwe in winkeltsje yn it doarp dêr't ik boadskippen dwaan kin."

It fertriet en de lilkens besiket hy lykwols om te setten yn enerzjy. Sa is hy begûn mei houtbewurkjen yn stee fan syn gewoane wurk mei metaal.

It houtwurk fan Jan Ketelaar - Foto: Iris van Hornsveld

Ketelaar hat al in stik as acht kear besocht in flecht werom nei hûs te krijen, mar dat is oant no ta net slagge. Kommend wykein sil hy it wer besykje. Fia Rome wol hy dan mei de KLM werom komme.

Jan Ketelaar yn Italië

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies
(advertinsje)
(advertinsje)