Beswieren omwenners ôfwiisd, camperfjildsje Yn 't paradyske definityf tastien

In lytsskalich camperfjildsje mei de namme Yn 't Paradyske tusken Kollum en Bûtenpost is definityf tastien. Omwenners binne jierren yn ferset tsjin de kampearauto's op it hiem fan in wenhûs. Dêr is plak foar fiif campers.
Fotofoarbyld fan camperplak © Omrop Fryslân
De buertbewenners fine dat de campers net yn it lânskip passe en dat it terrein neffens de gemeentlike regels te lyts is. Mar it heechtste rjochtsorgaan, de Ried fan Steat, hat de beswieren no ek ôfwiisd. De campers stean al sûnt 2016 mei in foarlopige fergunning by it hûs yn It Paradyske.